Kongres oer biomassa yn Harns

© Omrop Fryslân
Yn Harns sil begjin juny in ynternasjonaal kongres plakfine oer de hannel yn biomassa yn de Westergosône.
Dit yn it ramt fan it ekonomysk programma fan de Fryske Havendagen. It kongres is bedoeld foar ûndernimmers, fertsjintwurdigers fan kennisynstellings en bestjoerders en adviseurs út noardeast Europa dy't belutsen binne by de ynternasjonale hannel yn biomassa. Doel fan it kongres is om de ynternasjonale hannel te ferbetterjen.