Nij yn 'e soarch: soarchbisten

© Omrop Fryslân
Bewenners fan Fryske soarchsintra krije ynkoarten besite fan húsdieren. De Stifting Zorgdier is freed úteinset mei de earste kursus foar soarchdierfrijwilligers. Doel is dat minsken mei psychyske klachten of demintearjenden in better gefoel krije as se in bist om harren hinne ha.
Yn Fryslân ha ûnder oare soarchsintra Lindestede yn Wolvegea en Moerborch op it Hearrenfean belanstelling foar de ynset fan soarchbisten en soarchdierfrijwilligers.