'3 miljoen boete Warkumer'

© Omrop Fryslân
Tsjin de Warkumer Klaas H. dy't mei noch 11 fertochten yn Frankryk terjochte stiet foar drugssmokkel is freed 3 miljoen euro boete easke. Neffens de Frânske justysje soe hy diel útmeitsje fan in drugsbinde.
By de binde soe ek de Harnzer Klaas Jan Bolt hearre. Tsjin Bolt is gjin boete easke, omdat hy neffens in Europeesk arrestaasjebefel oan Frankryk útlevere is. Letter op de dei wurdt bekend makke oft der ek finzenisstraffen oplein wurde.