NOM: jonge ûndernimmers helpe

16 maaie 2008 - 12:44

Noardelike Untwikkelingsmaatskippij NOM sil yn de takomst mear jonge ûndernimmers helpe. Dat sei direkteur Siem Jansen freed by de besite fan noardlike Twadde Keamerleden oan Eaststellingwerf. Troch it beskikber stellen fan jild oan jonge minsken dy't in bedriuw begjinne wolle, rint de NOM wol mear finansjele risiko's.

Alhoewol't it ryk de NOM ferplichtet om jierliks in sûne begrutting yn te leverjen, frege Jansen om begryp foar bytiden ek reade sifers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)