Keamer moat Appelskea helpe

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf siket stipe by de Twadde Keamer foar de plannen om de rekreaasje en toerisme by Appelskea út te wreidzjen. De gemeente hat dat foarlein oan in tal noardlike keamerleden dat dêr freed op wurkbesite wie.
Eaststellingwerf wol dat de regels foar natuerbehear opskood wurde, fierder fan Appelskea ôf. Allinne dan kinne rekreaasje en toerisme har by it doarp fierder trochûntwikkelje, fynt de gemeente.