Stiens-East op lange baan

© Omrop Fryslân
De grutte plannen foar de ûntwikkeling fan Stiens-East binne op de lange baan skood. De ried fan Ljouwerteradiel sjocht der foarearst gjin heil yn.
Neffens it plan soene der 600 huzen boud wurde, der soe in rûnwei komme, in rekreaasjeterrein mei soarchwenten, de bernebuorkerij soe der mooglik útwreidzje kinne en der soe ek in hippysk sintrum komme. Koartlyn is dúdlik wurden dat de provinsje net mear as 350 huzen tastiet. B. en w. sille no besjen hoe't it fierder moat.