Boalsert hâldt 9 ton oer

16 maaie 2008 - 10:08

De gemeente Boalsert hat ferline jier dik 9 ton oerholden. Dat docht bliken út de jierreken. It jild wurdt taheakke oan de algemiene reserve. De gemeenteried moat dêr op 27 maaie noch wol mei akkoart gean.

It posityf saldo is ûntstien trochdat in tal projekten yn 2007 wol taret is, mar pas dit jier útein sette. Dat jildt bygelyks foar de ferbou fan de basisskoallen De Bron en De Blinker en it opknappen fan de bedriuweterreinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)