Minder autoynbraken Drachten

© Omrop Fryslân
It tal autoynbraken yn en om Drachten hinne is de ôfrûne twa jier mei de helte nei ûnderen gong. Waard der yn 2006 yn mear as 250 auto's ynbrutsen, ferline jier wiene dat der 130. Dat komt neffens de gemeente Smellingerlân troch kontrôles fan de gemeente op parkearde auto's.
Parkearwachters gean sûnt twa jier in pear kear yn't jier by alle parkearde auto's yn Drachten del om te sjen oft der guod yn leit dat oantreklik is foar dieven, sa as laptops.