Brêge fan recycled plestik

In brêge fan recycled plestik
It Snitser bedriuw Lankhorst hat in keunststof brêge ûntwikkele dy't hielendal makke is fan recycled plestik. De earste twa brêgen binne ek al makke, yn opdracht fan de gemeente Meppel. Se wurde nije wike te plak brocht yn Nijeveen. It giet om brêgen foar fytsers en kuierders.
De brêgen ha as foardiel dat se sa sterk binne dat bygelyks ek sikeauto's of auto's fan de brânwacht der oerhinne kinne, as dat nedich is. Boppedat hawwe se gjin ûnderhâld nedich.