Bedriuwen op glêstriednetwurk

16 maaie 2008 - 07:28
  • Alle bedriuwen moatte op it glêstriednetwurk

Alle Fryske bedriuwen moatte op termyn tagong krije ta ynternet fia it glêstriednetwurk. Dat is de ynset fan glêstriedmakelder Fryslân Ring. Dy hat dêr in kontrakt oer tekene mei de telekombedriuwen KPN en Zesko.

It ôfrûne jier is der úteinset mei it netwurk. Yntusken is it foar de helte fan de bedriuwen beskikber. It stribjen is dat alle bedriuwen der tagong ta krije. Partikulieren moatte úteinlik ek ynternet fia de glêstriedkabel krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)