Wetterskip komt mei kampanje

15 maaie 2008 - 23:31

Der moatte dit jier op syn minst likefolle minsken stimme by de wetterskipsferkiezings as de foarrige kear, yn 2004. Doe brocht 30 % fan de minsken dy't kieze mochten in stim út.

Mei in grutte kampanje op radio en tv wol it Wetterskip dúdlik meitsje wat de organisaasje no eins docht, yn de hope dat minsken stimme sille. Dat fan no ôf op in partij stimd wurde kin ynstee fan op in persoan moat de ferkiezings ek oantrekliker meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)