Wenwyk mei soarch yn Arum

It soarchstipepunt waard iepene troch CDA-twadde keamerlid Joop Atsma
Yn Arum is tongersdei in nije wenwyk mei in soarchstipepunt iepene. Yn de wyk binne tolve levensloopbestendige hûzen boud en der stiet ek in soarchstipepunt. Dêr kinne bewenners terjochte foar fysioterapy of adfys fan de diëtiste. Thússoarch Zuidwest Friesland en wenningkorporaasje Welkom ha it stipepunt mei elkoar ûntwikkele.
As de kombinaasje fan sa'n sintrum mei in wenwyk suksesfol is, wurdt it op mear plakken yn Fryslân opset. Dat is goed foar de leefberens yn doarpen.