Iepen dei Friesland Foods

15 maaie 2008 - 20:03

Suvelkonsern Friesland Foods hâldt in iepen dei om jongeren te ynteressearjen foar it wurk yn de suvel. Jongerein út it middelber en heger berops- en it wittenskiplik ûnderwiis kinne dêr te plak, sadat se stúdzje en wurk kombinearje kinne.

De iepen dei, nije wike tongersdei, is ûnder oare yn Ljouwert. Jongeren dy't delkomme, krije in rûnlieding en kinne ek al in intake-gesprek krije, as se serieus belangstelling hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)