Lindestede wol ûnrêst weinimme

Soarchsintrum Lindestede
Soarchsintrum Lindestede yn Wolvegea nimt maatregels om de ûnrest ûnder persoaniel en bewenners fuort te nimmen. Woansdei waard bekend dat in meiwurker fertocht wurdt fan ferkrêfting fan in bewenster (52). De ferpleger wurke al tweintich jier by Lindestede.
It nijs soarget foar tillefoantsjes fan ûngerêste famylje fan bewenners. It bestjoer fan Lindestede nimt maatregels om de ûnrêst del te bêdzjen.