Soad nammen Brede Skoalle

De Brede Skoalle yn Wommels. Foto: Jaring Rispens, fotopersburo JRF
Foar it nije gebou fan de Brede Skoalle yn Wommels binne 240 nammen ynstjoerd. De gemeente Littenseradiel hat alle ynwenners oproppen om mei te dwaan oan de priisfraach. In sjuery sil no de meast geskikte namme kieze.
Yn de sjuery sit ûnder oaren wethâlder Froukje_Hernamdt. Ek doarpsbelang en in skiedkundige helpe by it kiezen fan de namme. Sy meitsje in seleksje en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders beslist úteinlik.