Ien nûmer foar problemen grûn

© Omrop Fryslân
De provinsje komt mei in spesjaal tillefoannûmer dêr't problemen mei de grûn meldt wurde kinne. It giet dan bygelyks om fersmoarging of fersakking fan dy grûn. De provinsje ferwachtet troch ien tillefoannûmer folle effisjinter wurkje te kinnen.
Oant no ta komme meldings en fragen oer de grûn op ferskate tillefoannûmers binnen. It nûmer (058-2925122) is fan moandei ôf te berikken.