Jild foar pjutteboartersplak

© Omrop Fryslân
It Oranje_Fonds jout 5000 euro oan pjutteboartersplak It_Pikepôltsje yn Heech. It jild is bedoeld foar it ynrjochtsjen fan de nije lokaasje. It pjutteboartersplak ferhuzet meikoarten nei in gebou achter Talma_State.
It nije gebou moat foar in diel noch ynrjochte wurde. Ek moat der bûtendoar in boartersplak komme. Neist it pjutteboartersplak wurde yn it gebou achter Talma_State de berne-opfang en de bûtenskoalske opfang ûnderbrocht.