Rubberboat mei motor stellen

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij fan in rubberboat yn Hallum. De boat lei achter in wenning oan de Memerdastate. Om de boat meinimme te kinnen hawwe de dieders de touwen dêr't er mei fêstlei trochsnien. De bûtenboardmotor dy't op de boat siet, waard ek meinaam.
De dieders trochsochten ek de skuorre achter de wenning. Dêr waard neat út helle. De plysje hat noch gjin idee wa't de dieders binne.