Blokker skinkt defibrilator
Blokker skinkt de gemeente Frjentsjerteradiel in defibrilator. De winkelketen docht dat fanwege it fiifentweintichjierrich bestean fan de fêstiging yn Frjentsjer. It apparaat komt te hingjen yn De_Doelen yn de stêd.
De eigner fan de winkel soarget der foar dat der ek minsken komme dy´t de defibrilator betsjinje kinne. It apparaat is bedoeld om minsken mei hertproblemen te helpen.