Tagongsferbod sikehûzen

Ien fan de fiif: De Sionsberg yn Dokkum
De fiif Fryske sikehûzen krije de mooglikheid om minsken dy´t har misdrage de tagong te wegerjen. De sikehûzen slute dêrfoar meikoarten in oerienkomst ôf mei gemeenten, plysje en it Iepenbier Ministearje.
Yn de sikehûzen binne geregeld insidinten. It giet dan bygelyks om stellerij, fernielings en agressyf gedrach. Friezen dy´t in tagongsferbod hawwe, moatte foar in behanneling nei in sikehûs bûten de provinsje.