Frou fertocht fan brânstifting

© Omrop Fryslân
De plysje fertinkt in ynwenster fan De Lemmer (56) fan brânstifting. De brân wie woansdei yn de wenning fan de frou. De brânwacht moast der oan te pas komme om it fjoer út te meitsjen.
De frou rûn by de brân problemen mei it sykheljen op. Se is foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat se sels de brân feroarsake hie. Dêrom is se nei de behanneling oppakt.