Kavia-opfang nei Bakkefean

15 maaie 2008 - 09:45

Bakkefean krijt in opfang foar kavia´s. It giet om in inisjatyf fan de Stichting Cavia. Dy sit no noch yn it Drintske Westerveld, mar wurdt dêr neffens eigen sizzen tefolle tsjinwurke troch de gemeente.

De opfang komt yn in pleats oan De_Kreilen. Dêr is romte foar de opfang fan sa´n hûndert kavia´s. Ek komt der in behannelromte dy´t brûkt wurde kin troch in bistedokter. De opfang set op 15 july útein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)