Twadde dei fan busstakingen

Yn in grut part fan Fryslân ride der gjin bussen
Foar de twadde dei op rige ride der tongersdei yn in grut part fan Fryslân gjin bussen. Yn Súdeast-Fryslân hawwe de sjauffeurs fan Arriva it wurk opnij dellein.
Ek de Connexxionsjauffeurs yn Ljouwert ride tongersdei net. Fierders ride yn Boalsert en op ´e Jouwer net alle bussen. De kollega´s op de oare tsjinsten yn Súdwest-Fryslân stake tongersdei net. Dat jildt ek foar Noardwest-Fryslân. Dêr ride tongersdei ek gewoan alle bussen.