Planetarium hat it smoardrok

Der ha yn de earste wiken nei Keninginnedei goed 2000 besikers yn it Planetarium west. Dat binne 1000 mear as oars. Ek it stêdhûs en Museum Martena hawwe de ôfrûne wiken profitearre fan de besite fan de Keninginne oan Frjentsjer.
It wie al ferwachte dat de besite ekstra besikers lûke soe. Yn oare plakken dêr´t de Keninginne kaam wie dat ek sa. Ek hoarekabedriuwen hiene it ekstra drok, mar dat kin ek komme troch it moaie waar.