Ek hoarekarôf op Skylge

14 maaie 2008 - 17:14

Op Skylge hat ferline wike freed in struner út pankoekrestaurant Hans en Grietje yn Midslân de wykopbringst út de klûs stellen. Mooglik is de ynslûper deselde man dy´t ôfrûn wykein op Flylân de opbringst fan in strânpaviljoen stellen hat.

De man sloech yn Midslân syn slach doe´t de eigenaresse drok dwaande wie gasten te betsjinjen. Efkes letter seach se de gast troch de priveeyngong nei bûten ta kommen. Pas letter waard dúdlik dat de klûs leechhelle wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)