Steegmans wint Batavus Race

14 maaie 2008 - 16:41
  • Sipke Zylstra (yn it oranje) ried lang op kop...

De Belch Gert_Steegmans hat de Fryske hurdfytswedstriid de Batavus Pro Race wûn. De renner fan Quick Step wûn nei hast 210 kilometer de sprint fan in groep fan 54 man. Steegmans einige yn Ljouwert foar Marcel_Sieberg, Stefan_van_Dijk waard tredde. Yn dy groep sieten ek de Friezen Marcel_Beima (15e), Lieuwe Westra (39ste) en Jenning_Huizenga (43ste).

Sipke_Zijlstra waard 30ste. Hy joech de wedstriid kleur troch in grut part, sa´n 60 kilometer, foarop te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)