Ferset tsjin keapsnein

© Omrop Fryslân
De kristlik griffermearde tsjerke yn Drachten is tsjin keapsneinen yn dit plak. Op it stuit wurdt troch de gemeente ûndersocht oft hjirfoar by ûndernimmers genôch draachflak is.
De tsjerkegongers fine dat de snein in rêstdei wêze moat. Sa'n frije dei is ek goed foar ûndernimmers, sa skriuwt de tsjerke yn in brief oan de riedsfraksjes. It ûndersyk nei mooglike keapsneinen yn Drachten sil foar de simmer klear wêze.