Rieks Osinga no PvdA-steatelid

14 maaie 2008 - 10:44

PvdA-er Rieks_Osinga út Ljouwert is woansdei op it Provinsjehûs ynstallearre as steatelid. Osinga (31) nimt it plak yn fan Fimke_Hylkema. Dy is ophâlden as Steatelid, omdat se dat wurk net langer kombinearje kin mei har funksje by de gemeente Grins.

Rieks_Osinga is al langer warber yn de Partij_van_de_Arbeid. Hy is ûnder oare lid fan it gewestlik bestjoer. Osinga sil him yn de Steaten dwaande hâlde mei taal, kultuer en ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)