Skot yn sjuery Liet 2008

Brian O hEadhra
De sjuery fan sjongfestival Liet 2008, dat sneon plakfynt yn Ljouwert, bestiet dit jier út seis minsken. Dêr is foar it earst in bûtenlânske muzykkenner by. It giet om de Skotse singer-songwriter Brian_Ó_hEadhra.
O_hEadrha sil besjen hokker Frysk Liet geskikt is foar Liet Ynternasjonaal, dat yn oktober yn Sweden is. Yn de sjuery sitte fierder Marius_de_Boer, Sytse Broersma, Elizabeth_Hietkamp, Annemarie_van_der_Reijden en Fokke Miedema. De lêste is foarsitter.