Postma wint sportpriis 2007

Pieter-Jan Postma (foto: Simon Keijzer)
Siler Pieter-Jan_Postma hat de sportpriis 2007 fan de provinsje Fryslân wûn. De ynwenner fan Terkaple krijt de priis troch syn yndrukwekkende ynternasjonale prestaasjes. Sa sil Postma nei de Olympyske Spullen en wûn er sulver op it wrâldkampioenskip yn de Finnklasse.
De provinsjale sportpriis wurdt sûnt 1974 útrikt. Earder wûnen ûnder oare turner Epke_Zonderland en reedrider Sven_Kramer de priis.