Brabanner mei bus njonken A7

© Omrop Fryslân
In man (28) út Baarle-Nassau is tiisdei ferwûne rekke op de A7 by Terwispel doe´t er mei syn bestelbus neist de dyk rekke. Hoe´t dat krekt barre koe, is net dúdlik. Hy kaam lang om let mei de bus yn ´e sleat telâne.
Oare autobestjoerders ferlienden earste help wêrnei´t de helptsjinsten de man út de auto helje koene. Ek de traumahelikopter waard dêrby ynset. De man is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. It ûngelok soarge in skoft foar filefoarming op de A7.