Roy Eefting wint ´Liuw´

13 maaie 2008 - 21:25

Roy_Eefting fan Grolloo waard tiisdeitejûn de winner fan it kritearium ´De Leeuw van Leeuwarden´. Nei 80 kilometer wie er op ´e Nijstêd de rapste fan in fjouwer man sterke kopgroep. Rienk_Nauta fan Twellingea wie mei in fjirde plak de bêste Fries. Frank_Vreugdenhil fan Eldersloo waard twadde, Wouter_van_Zanten fan Apeldoarn tredde.

Roy Eefting wie in dei earder ek de bêste by de distriktskampioenskippen yn Teridzert by de beloften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)