Brân Erasmushiem Ljouwert

13 maaie 2008 - 17:39

Fjirtich bewenners fan it wenningkompleks fan Erasmushiem yn Ljouwert moasten tiisdeitemiddei harren hûs út foar in brân.

Yn ien fan de wenningen wie in wasmasine yn brân flein. oanlizzende apparteminten hiene in soad hinder fan reekoerlêst. De bewenners binne opfongen yn it soarchsintrum en kinne nei alle gedachten oan it begjin fan de jûn werom nei hûs. Der rekke gjin ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)