Fryske ynbring SBS-talinteshow

13 maaie 2008 - 16:22

De groep Totally Different út Wynjewâld is de iennichste Fryske dielnimmer oan de finales fan talinteshow Holland's Got Talent fan SBS6.

Freedtejûn moatte de tsien man fan Totally Different live op tillevyzje. Se ha in act fan trije minuten mei in mjuks fan breakdance, dûnsjen, akrobatyk en teater. Nei entûsjaste reaksjes fan de sjuery yn de foarwedstriden sitte se no by de lêste tritich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)