Bussjauffeurs stake 48 oeren

Fanút Drachten, It Hearrenfean, Easterwâlde en Ljouwert-stêd ride gjin bussen.
Bussjauffeurs mei it stânplak Drachten, It Hearrenfean, Easterwâlde en Ljouwert-stêd lizze woansdeitemoarn foar 48 oeren it wurk del.
Se stake omdat se it net iens wurde kinne oer de CAO. De fakbûnen easkje in leansferheging fan 3,5 prosint. Ek wolle se dat jonge sjauffeurs better betelle wurde. By de 250 sjuaffeurs dy't stake sitte ek de sjauffeurs fan Q-liner op De Jouwer. Op oare plakken yn de provinsje ride de bussen gewoan neffens it tsjinstroaster.