Houten fiadukt Snits ein 2008

13 maaie 2008 - 13:01
  • Sa moat de houten brêge yn Snits der út komme te sjen.

It earste nije houten fiadukt yn Snits is yn septimber of oktober klear. Dat seit arsjitekt Hans Achterbosch.

Hy komt krekt werom fan syn besite oan in Dútse fabryk dy't meiwurket oan de bou fan de twa fiadukten. De fiadukten binne de earste houten brêgen fan Nederlân en se komme oan de súdlike rûnwei fan Snits. It arsjitekteburo fan Achterbosch en fan Onix út Grins hawwe de brêge ûntworpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)