Jan Sipkema ferstoarn

13 maaie 2008 - 10:21

De 76-jierrige âld-foarsitter fan de alvestêdeferiening Jan Sipkema is moandeitejûn ferstoarn.

Sipkema wie ek direkteur fan provinsjale wettersteat. Hy waard benammen bekend doe't hy yn 1985 foarsitter waard fan de feriening de Friesche Elf Steden. Sipkema mocht de tochten fan 1985 en 1986 organisearje. Sipkema koe sels ek goed reedride. Hy hat de swiere tocht fan 1963 útriden. Sipkema waard yn 1994 as foarsitter opfolge troch Henk Kroes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)