Sint Jabik wint bûnspartij

12 maaie 2008 - 18:06

Sint Jabik mei Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra is yn Frjentsjer Nederlânsk kampioen keatsen wurden. Se wûnen de finale mei 5-2 en 6-6 fan Berltsum mei Frederik van der Meij, Auke van der Graaf en Marten Feenstra.

Yn 1982 wie it de lêste kear dat Sint Jabik de bûnspartij wûn. De partoeren fan Goutum en Wytmarsum pakten pinkstermoandei de lytse preemje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)