Mear stjonkbisten yn Fryslân

12 maaie 2008 - 16:56
  • Stjonkbist yn de buert fan Haulerwyk
  • Spoaren fan it stjonkbist

It stjonkbist rukt op yn Fryslân. Benammen yn it súdeasten fan de provinsje wurdt it bistje hieltyd faker sjoen. It stjonkbist komt eins allinnich foar yn Noard- en Súd-Amearika. Mar no dus ek hjir.

Echt gefaarlik of skealik foar de natuer binne se net. Se ha ien grut neidiel: as it stjonkbist skrikt of bedrige wurdt, dan set er syn geurklieren wiid iepen. Nei skatting soene der inkele tsientallen stjonkbisten omrinne by Haulerwyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)