Man mishannele mei kettingslot

12 maaie 2008 - 13:14

In man (25) út Dokkum is yn de nacht nei moandei oerfallen en mishannele mei in kettingslot. De man kaam ûnder it bloed in kafee oan de Uniabuert yn Ljouwert binnen. Hy waard achternei sitten troch in wat âldere, donkere man mei rastahier.

Se hiene wurden en yn it kafee waard oer en wer drige. Doe't de donkere man útnaaid wie, fertelde de Dokkumer dat er klappen hân hie mei in kettingslot. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. De plysje siket de oerfaller.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)