Oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn twa manlju fan 23 en 46 jier út Ljouwert oppakt foar mishanneling. De twa gongen mei noch in maat mei har boat by in hoarekasaak oan de Ie yn Wyns lizzen.
It terras siet fol en omdat de manlju it net iens wiene mei de betsjinning, gongen se ferhaal heljen by de eigner, in 66-jierrige man út Ie. Ien fan de fertochten joech in meiwurker (18) fan de hoarekasaak in klap yn de nekke. Dêrnei naaiden de manlju út. Twa fan har binne letter oppakt yn Ljouwert.