4000 besikers op Griene Stjer

12 maaie 2008 - 13:00

Sa'n 4000 besikers hat dit wykein op it Griene Stjerfestival by Ljouwert west. De organisaasje seit dat se dêrmei ridlik tefreden binne. It wie de earste kear dat it popfestival fan trije dagen holden waard.

Freedtejûn kamen der 600 besikers, sneon wiene der 2500 en snein kamen der 800 minsken op ôf. Der spilen Nederlânske bands en ek coverbands fan ûnder oare Pink Floyd. Neffens de organisaasje binne se mei 4000 besikers krekt út de kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)