Skoalle Wyns definityf ticht

© Omrop Fryslân
Oer twa wike falt definityf it doek foar de skoalle fan Wyns. Dan moat de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel it beslút ta sluting nimme. Ein ferline jier wie al dúdlik dat der foar it tredde achterienfolgjende jier te min learlingen binne op de teldatum fan 1 oktober.
Dit skoaljier sitte der noch tolve bern op de Winze. 24 bern is it wetlik minimum. Om't dat sifer ek nei jierren fan aksje net helle wurdt, wurdt de ryksbydrage skrast.