Mystery guests by WMO-loketten

© Omrop Fryslân
De tsjinstferliening by de WMO-loketten fan Fryslân wurdt ûndersocht troch mystery guests. Soarchbelang Fryslân is in koepelorganisaasje fan pasjinteferienings en siket minsken dy't as mystery guest nei sa'n loket wolle.
Doel fan it WMO-loket is om minsken te helpen as se op se syk binne de bêste soarch foar har situaasje. Sjoen wurdt hoe't nije klanten holpen wurde en oft se net fan it kastje nei de muorre stjoerd wurde.