Gjin seksbios yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
In seksbioskoop heart net thús yn de histoaryske binnenstêd fan Frjentsjer, fine boargemaster en wethâlders. Oant in heal jier lyn wie der in sekswinkel dêr't ek eroatyske films fertoand waarden, mar dy moast nei klachten út de omjouwing de doarren slute.
B&W fan Frjentsjer passe de regels foar de histoaryske binnenstêd no sa oan dat it net mear mooglik is om sa'n bedriuw op dat plak te begjinnen.