Soargen oer helikopterflechten

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Earnewâld meitsje har soargen oer it grutte tal helikopterflechten dat oer it natuergebiet de Alde Feanen giet. It soe gean om ynspeksjeflechten fan it wetterskip fan kamping It Wiid ôf. Doarpsbelang Earnewâld hat by it oerlisorgaan fan it nasjonaal park klage oer de helikopterflechten. Fuort dêrnei binne de flechten staakt. Yn it folgjende oerlis wurdt besjoen wêrom't de flechten nedich wiene en oft alle fergunnings yn oarder wiene.