Kampanje by fytsalvestêdetocht

Yn Boalsert gong moandeitemoarn betiid de 61e fytsalvestêdetocht fan start. Goed 15.000 fytsers begûnen dêr oan de tocht oer 230 kilometer troch it Fryske lân. De organisaasje frege diskear spesjaal omtinken foar de kampanje 'Rij met je hart, ook tijdens de elfstedentocht'. Dat is in aksje foar sosjaal en feilich fytsgedrach.
Neffens guon dielnimmers wie der dit jier wol in soad blikskea. It waar wie dit jier in stik better as ferline jier, doe't der in soad rein foel.