Richard Schuil fjirde yn Praag

11 maaie 2008 - 16:05

Richard Schuil fan Ljouwert is mei syn maat Reinder Nummerdor fjirde wurden yn Praag by it World Tour-beachfoljebaltoernoai. Se ferlearen de striid om it tredde plak fan it Brazyljaanske duo Emanuel en Ricardo Costa mei 2-1.

De setstannen wiene 21-18, 19-21 en 15-11. Schuil en Nummerdor ferlearen yn de tredde ronde ek al fan de as twadde pleatste Brazyljanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)