Griene Stjer: rom 2.500 man

It nije muzykfestival yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert hat sneon rom 2.500 minsken lutsen. Sy kamen foar Queen Mania en it Pink Floyd Project. Dat is in groep Fryske muzikanten dy't muzyk spilet fan de Ingelske rockband Pink Floyd.
It nije festival is freed begongen. Doe wiene der optredens fan Mink en Ilanois. Snein stiet it Nederlânske liet noch sintraal mei Jeroen van der Boom, Tjeerd en Henk Wijngaard.