Schuil/Nummerdor yn 1/2 finale

© Omrop Fryslân
Richard Schuil fan Ljouwert hat mei syn maat Reinder Nummerdor yn Praag de heale finale berikt fan it strânfoljebaltoernoai út de World Tour. Fia de herkânsing wûnen de âld-ynternasjonals fan it oare Nederlânske duo Bram Ronnes en Emiel Boersma mei 21-18, 19-21 en 15-11.
Yn de heale finale ferlearen Schuil en Nummerdor mei 21-18 en 21-15 fan it Dútske duo Julius Brink en Christoph Dieckmann.